Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sânrûte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De hichte slacht it each op ’t gea
dêr’t gaos noch de oerhân hat,
in lânskip as ferwrotten lea;
de himel driget om wat bart
troch ’t sûgjen út ‘e djipte wei.

Image

Wat earder op ‘e see noch lei,
bewrotte him djip yn it lân
en stiek syn slurf fier yn de grûn;
hy sûget op it wiete sân
en spuit gaoatysk oant de jûn.

Image

Mar heger binne hjoed op wei
de bern, sy ha de oeren hân
fan wrotten tusken muorren yn;
har rûte slingeret nei it strân,
al swevend op fakânsjewyn.

admin

Frjemde fûgels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Sa tusken mar en poel,
ferskûle yn it reid,
stiet jierren al de fûgelhut,
mar sis mei watfoar doel
it libben dêr wat seit
sa tusken kop en sturt.

Image

Wiid iepen stiet de doar
foar folk dat leaver leit
as dat it fûgels fleanen sjocht:
de hut dy is derfoar
sa as de hoanne kraait
en ’t hintsje iependocht.

Image

De fûgels sjogge ta
op al dat lizzend wurk
fan frjemde fûgels yn har hut,
mar bûten is it sa:
gjin fûgel yn it swurk…
wat hat de hut foar nut?

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum