Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sompige Legeaën

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Legeaën, heech de loft en leech dyn gea,
de blauwe fierte, ’t neare nei,
dyn klokken beaën foar droech hea,
de sompe wie de ein fan wei.

Image

De maitiid spielt de droechte oer it lân,
de boer sjocht it mei niget oan,
stekt rôljend mei in plastic bân
de sompe nei de snilekroan.

Image

De oare side fan de Grienedyk
beweecht it blau foar it geniet
fan sikers nei it himelryk
dat fol mei snilekroanen stiet.

Image

De simmer jaget wetter oer it gea
foar sompen fan mar oardel dei,
omdat Gerbrandy fûn dat nea
it wetter wurdt de ein fan wei.

admin

Ferbining

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De romte freget om ferbining,
’t blau liedt mails nei boppen ta,
it fee sil ek syn boadskip ha
en kôget wer op in ferskining.

Image

Wat moast it oan de peal earst wenne,
earder kleure troch de miuw
dy’t tajoech oan syn wite driuw,
no stekt yn ’t hout in strielantenne.

Image

De kij dy’t oer de swierte balte
fan de molke yn it jaar,
ferstjoere mail nei mail, ’t klinkt raar
mar ’t boadskip sjit nei lichter halte.

Image

Sa kin de striel ferbining meitsje
tusken eufory en down
en bringt yn kleur de hichteclown
it swart-wyt fielend fee oan ’t laitsjen.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum