Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wyt foar de kop

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

It noarden joech de folle laach,
mei wyn en weagen gie it oan
op Starum, klear foar striid en krêftfertoan,
in reef deryn wie net in fraach.

Image

De skoaten oan en nei de start,
de skûtsjes kniepen hingjend op
mei wite wolken foar de bolle kop,
neat wie it skippershert te bar.

De breedste koppen batsten yn
de weagen op, De Jouwer lei
al foar, mar ’t Snitser twadde plak stie faai,
dat lei him oan de noardewyn.

Hy siet op ’t keatting en seach soer,
want beide fuotten rekken wiet,
sa giet it as de noardewyn strak stiet,
de fok yn tearen, dan is ’t oer.

Image

admin

Loeten

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

Image

De tugen breed en nêst elkoar,
der kin gjin miuw mear troch,
de kopgroep jout de rest it sok,
de fraach is: wa leit foar?

De loeten steane op it heechst,
de bomen dogge mei,
it foarfolk hinget nei’t it waait,
mei dizze wyn it dreechst.

Image

De himel griis, de reiden heech,
mar heger riist it hout,
de kromme loete is fertroud,
sa komt de float yn ’t each.

Langwar grôtfol, de stuollen leech,
gjin kop is op it strân,
mei rjochte loeten yn de hân
hâldt elk syn moedfear heech.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum