Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Sietes finish

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1993

Image

Foar Siete wie ’t gjin kalme reis
oer altyd wer dat skûtsjewetter,
simmers sile, winters praat
en altyd wer de hichte sykje,
Siete wist net better.

Al trije jier net mear oan ’t roer,
woe hy it noch in kear besykje
mei syn hert, noch oan de praat,
yn fol fertrouwen op ‘e hichte
soe’t der wol op lykje.

In goede start wie al in slach
nei healwei, mar dat soe net barre,
want de klap sloech op it hert,
dat Siete siigde nei de lichte,
koe net fierder farre.

De Hear foarsei gjin kalme reis
oer altyd wer dat skûtsjewetter,
mar dat dearde Siete net,
hy liet him troch de finish farre,
want hy wist net better.

Image

admin

Slotfeest

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1993

Image

De skipperssport fan fjirtjin dagen
freget om in prachtich slot
mei net allinnich priis en wimpel,
in skippersfeest nei ’t lêste skot,
mei smaak, net inkeld foar de mage.

Dy smaak ûntbriek de lêste jierren,
want de hal is foar de sport,
fertsjinnet jûns gjin priis en wimpel
fan skippers nei har eigen sport
fan fjirtjin dagen dêr en hjirre.

It eilânútstel kaam fan Douwe,
foel by elk goed yn de smaak:
in grutte tinte by de starttoer
en oant de finish ta fermaak,
in oerke sliep, dan los de touwen!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum