Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Robespierre

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

In jonkje sûnder mem en heit,
wêr moast de lytse Maxi hinne?
Pake gie foar ’t mantsje yn de pleit,
sa koed er yn it libben winne.

As puber soed er oan it wurd
foar kening Lodewijk, dy’t komme
soe, úteinlik ried de staasje fuort,
wat koe it keningshûs him bomme…

As advokaat naam hy it op
foar ’t folk yn earmoed dat, yn klinten,
stjitte by de hegerein de kop,
dy’t libbe fan in oar syn sinten.

Sa waard er revolúsjonêr,
dy’t konsekwint en logysk tinke
koe, heech riisde yn Parys syn stjer,
hy waard betsjinne op syn winken.

Fan konsekwint nei radikaal,
hy liet de guillotine falle,
spriek de kening oan yn skerpe taal
mei as gefolch in losse holle.

’t Geweld friet op syn eigen bern:
foar Robespierre de guillotine,
sels soe hy it mes net flymjen sjen,
it koe syn nekke maklik fine.

* Skilderij ‘Portret fan Maximilien-Marie-Isidore de Robespierre’

admin

Frânske revolúsje

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jean-Pierre Houël*

As riken libje fan de earmen,
ealman, biskop en pastoar,
dan komt wa’t achteroan is foar
en sil it bloed oer strjitte streame.

Dan hat de earme gjin fidúsje
dat de foarst him bystean sil,
dan komt it oan op eigen wil
en ropt er op ta revolúsje.

Dan raast de frijheid oer de strjitte,
lit gelikens bruorskip sjen,
dan giet it brike rjocht ferlern,
foar riken ieuwenlang de mjitte.

Dan wurdt de finzenis bestoarme,
komme swiere muorren del,
dan brekke earmen út ‘e sel
fan troch de hearen stelde noarmen.

Image

* Jean-Pierre Houël (1735-1813)
Skilderij ‘Bestoarming fan de Bastille’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum