Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Image

Hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel,
wichtich man, sawol fan namme as fan liif,
hy hie it drok, mar koe ek oeren fan geriif,
foar ’t eigen netwurk gie hy op ‘e sutel.

Hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel,
eptich man, famylje fan elk keningshûs,
hy hie it drok mei syn konneksjes by de rûs,
mar skeat as militêr yn ús lân woartel.

Hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel,
húslik man, waard foar de lytse Willem fâld,
as jonge prins noch lang net feardich foar de wrâld
fan macht, foar guon reginten moast de skoattel.

Hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel,
man fan noch mear macht, wat late ta de haat
fan ien dy’t him bejoech mei fjoer op ’t oarlochspaad,
gjin moard, de hartoch miste wol syn kloaten.

* Skilderij ‘Portret fan hartoch van Brunswijk-Wolfenbüttel’

admin

Geasten by de Doggersbank

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan C. Bogerts*

De oarlochs- en de hannelsgeast
ha meastal gjin relaasje,
want de iene heart de knal it leafst,
de oare sjocht nei ’t jild yn ’t laadsje.

’t Wie oarloch, mar de hannelsfloat
foer feilich nei ’t noardeasten
mei sân linyskippen board oan board,
’t wie frede tusken beide geasten.
Image

Oan bakboard brûsden skippen oan
yn liny en mei faasje,
lûde knallen klonken op ‘e toan
fan stride foar de Britske naasje.

De seeslach by de Doggersbank
hie winner noch ferliezer,
mar de hannelsgeast brocht God de tank,
it laadsje lykwols waard net wizer.

De striders wol: metaal en wurd:
Troch oarloch wurdt it frede.
Kriich de oarlochsgeast in lange sturt
fan wolfeart? ’t Folk hie meast de neden.

* C. Bogerts (1745-1817)
Skilderij ‘Slach by de Doggersbank’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum