Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tonger op Langwar

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

De kenners fan it minne waar
foarseine al wat komme soe
dyselde middeis op Langwar,
de rie wie dat it eins net koe,
it starten waard te bar.

Image

In tongerbui briek bearend los,
de drippen kletsten op it dek
fan ’t âlde skûtsje fan Langwar,
wat ekstra doek wie lang net gek,
mar silen wie gjin kar.

In oere letter as normaal
gie ’t hiele fjild gewoan fan start,
ek ’t nije skûtsje fan Langwar,
mei mankemint hat dat him ward,
mar dochs wie ’t yn de war.

Doarp Grou besylde ’t earste plak,
as lêste wie Langwar de slak.

Image

admin

Boerelullen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

It wie de dei fan simmerspullen
op it gloeiend hjitte dek,
foar Boalsert like ’t lang net gek,
mar Eldert* skold: ‘Dy boerelullen!’

Image

It lichte skip wie in merakel,
glied fier foar de oaren út,
doe foel it ‘hâld mar op’ beslút,
de boerelullen wiene saaklik.

By Eldert lôge de emoasje
heger op by ’t suchje wyn
dat opstiek: ‘Binne se dan blyn?’
Se hiene foar syn saak gjin noasje.

De skûtsjes foeren yn in rige
by de pier lâns foar ’t publyk,
mar Eldert spile gau de wyk:
lit lullen mar in potsje mige.

Image

* Eldert Meeter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum