Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Grinsferlizzers

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

Elk wit, der moatte grinzen wêze
fan net fierder, hjir oan ta
en wa’t dêroer giet, wol de boeien ha,
wat better is as wetten lêze.

It wedstriid- en tribunewetter
binne skieden troch it read
fan boeien, mar de ûnderfining leart:
soms fleane bollen op ‘e kletter.

It barde yn it neare tsjuster
op ‘e grins fan Earnewâld,
it tilde readich op, wol fjirtichfâld,
se wiene daliks ’t far al bjuster.

It gie oer alle grinzen hinne,
springend as in skippybal,
foarby Terherne kaam de frije fal:
in hekserûnte yn de sinne.

De grinsferlizzers, net te finen,
ha de plysje klauwen jûn,
it tilde op fan boaten, yn it rûn
liet elk syn ljocht oer ’t foarfal skine.

Image

 

admin

Brutsen beslút

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1997

Image

It wie gjin waar foar Earnewâld,
dêr’t beammen heine altyd wyn,
ek hjoed, al wie it stil,
dochs sile, want it rjocht is âld;
ien skipper hie in sterke wil
en dus de gong deryn.

’t Wie Tjitte Brouwer fan Langwar,
de skipper fan it swierste skip,
dy’t wolris winne woe,
want sân jier neat wie him te bar,
te meager, dêrom fet, ferhip,
as dat no hjoed ris koe.

Fan trettjin nei it earste plak,
fan ûngelok nei ’t heechste lok,
de flagge koe dus út,
mar wylst Langwar gie út it dak,
briek Earnewâld de flaggestok,
healstok, in tryst beslút.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum