Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei kryst

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hat wer west, wy ha it hân
en oeral hat it wolkom klonken,
mar wer net yn ’t iepen fjild,
gjin ingel struide ’t heil oer ’t lân,
gjin hoeder hat dêr wonken.

Image

Wy ha wat foer op ’t pantsje dien
en ’t midden op ‘e hage setten,
want mei kryst lei der noch snie;
in ingel is derhinne gien
en hat fan ’t krystmiel fretten.

Image

Op earste krystdei ha ‘k har sjoen,
se stiene yn it fjild te klomjen
yn in ploechje op it grau,
de hoeders fan de kâlde grûn,
se woene har fermomje.

Image

Op twadde krystdei seach ik har,
in seistal wizen út it easten,
troch Herodus achter ’t gaas,
de eagen ljochten lijen, mar
it Bern koe har net treaste.

admin

Ichtus

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik ha der west, yn drokke tiden,
mei it Ichtus-folk, in hiel net fol;
nei ’t kraaien fan de hoanne
fûnen sy har fuorplak wol
om dêrnei wer te swimmen nei it wide.

Image

Hjoed wie ‘k der wer, yn stille jierren,
sûnder ’t Ichtus-folk benearjend, nea
it kraaien fan de hoanne
wer, hy like like dea
as wat waard alle sneinen iepenbierre.

Image

Ik fûn de fisken op ‘e strjitte,
happend nei it lêste bytsje lucht,
wylst op ‘e wyn de wurden
waaiden fan it âld gerucht:
de fisk sil erflik nei de Rêder hjitte.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum