Ut it skûtsje-argyf 2003
Dêr steane se, omdat se net mear witte
út wat hoeke it noch waait,
mar wat soe dat, se hâlde har net stil,
wat alles fan ’t karakter seit,
sy litte oaren foar har switte,
dizze captains of industry.
Hjoed steane se, ’t is troch de wike sitte,
want derûnder moat de wyn
by folk dat skuort oan seil en fok, har wil
is wet, sa komt de winst deryn,
sy kinne ’t managen net litte,
dizze captains of industry.
De weagen jouwe har hjoed del, sy sitte
dêr net mei, mar stean foar peal
by ’t folk dat moandei foar har skreppe sil,
de skoaten oan, it kin net heal:
it rendemint is goed te mjitten
troch de captains of industry. |