Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stamper mei oranje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy hat in flinke stamper op,
kin amper op syn poaten stean,
foar him is it oranje boppe,
mei in balkroan op ‘e kop
kin hy it fierste koppe:
goal en stampend fierder gean
mei pineharsens fan wol
tsien vuvuzela’s by it ear
hâldt hy it oant de dea ta fol,
want fuotbal is syn leave hear.

Sy is noch net oan ’t klappen ta
fan ripe siedden yn it rûn,
mar kleuret hast folslein oranje,
moat it fan de stamper ha
en docht it sûnder franje.

Image

admin

Yndianeseremoanje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It is gjin yndianereservaat
dêr’t attributen lizze
foar de houliksseremoanje:
fearren foar in fleanend aard
en ek de reek hat wat te sizzen.

Image

It is by Iesicht oan de Wide Ie
dêr’t squaws de tromme roere,
roppend oan de ierdske krêften
foar it breidspear goede rie
yn ’t fleanen nei de lêste oere.

Belibje net it lêste by ’t begjin,
blaas mei de fredespipe
wolken reek om op te driuwen,
dream de dreamen oer de sin
fan ’t fleanen, wês elkoar ta stipe.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum