Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Haachske hoanne en Fryske ûle

Polityk
PDF Print E-mail
De Fryske bisten kinne mar in bytsje,
sa wol it wiere westen ha,
se kôgje stadich as de kij,
it domste skiep fielt him dêr frij,
it giet op lege koppen ta,
want Fryske bisten hawwe gjin ambysje.

Dus harkje skerp hoe’t Haachske hoannen kraaie,
dat lûd rint gau nei sifer tsien,
in wettich galmjen nei it gea:
‘Fret hoannefoer, gjin gers of hea,
sa hawwe wy it altyd dien,
wy trêdzje hinnen foar befruchte aaien.’

Image

Se stieken oan dy iene Fryske hoanne
mei op ‘e kop in kaam as fjoer,
dy kraaide mei it Haachske koar,
want hoannefoer, dêr wied er foar:
‘Ik moat begjinne by de boer,
wol struie, mar de keallen net mear boarne.’

Mar doe’t de hoanne op ‘e stôk al slomme,
begûn de Fryske ûle mei
it skôgjen út ‘e hichte wei
en syn konklúzje wie dernei:
‘De Fryske bisten frette dei
en nacht en sille likegoed der komme.’

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum