Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Tekens foar de finish

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

Gjin teken is yn ’t seil te sjen
as teken fan wa wurdt de kampioen,
it leit noch iepen, suver alles kin,
de striid is oan de spanning bûn.

It wite túch kinst amper sjen,
in teken dat de liuw net earste wurdt,
mar ’t leit noch altyd iepen… wat net kin…
dus skoaten oan en del dat swurd!

De Jouwer, foar, sjocht achterom,
in teken dat it duo* ’t noch net wit
wa’t jûn mei rjocht bekrânse wurdt mei rom,
de hollen binne wiet fan ’t swit.

De krânse lit de útslach sjen,
gjin teken fan wat letter komme sil,
de beide winners ha de striid ferlern,
mei rjocht wurdt bitter harren pil.

Image

* Baint Kramer (stjoerman)
en Peter Syperda (skipper)

admin

Grien foar brune koppen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2002

Image

De brune koppen stoarmen oan
mei rûne eagen wach en wiid,
want boppe lei de earste boei;
de foarste siet sawat al op ‘e troan,
dêrachter lôge op de striid.

Fûl yn de skrep op ’t achterdek,
de skoat gleonhastich troch it blok
foar ’t nimmen fan de boppeboei…
net gek, dêrachter kaam it net sa krekt:
in gekkeboel mei gok en flok.

Wol brune koppen, mar gjin troan,
want op it griene achterdek
hie elk de finishboei yn ’t each;
de rappe liuw hold brinzgjend dêrop oan
mei ’t skom fan wille foar de bek.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum