Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Krisiswolken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie gjin simmer mear
en ‘k lei net yn de waarme heide,
’t waar wie kâld dy dei, mar klear
de loft mei wolken boppe greiden.

Mem wie der net, gjin fraach:
‘Wat sjochsto yn de wolken, jonge?’
‘k Lei de holle yn de kraach
en seach hoe traach de foarmen gongen.

It wie gjin do dy’t fleach
om frede oan de wrâld te bringen,
earder hoe’t de spin yn ’t reach
siet, klear om op syn proai te springen.

Ynienen wie ’t sa klear
as sinneskyn, de eurokrisis:
Grikelân foarop, dan lears
Italië, yn ’t reach ferliezers.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum