Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De beam

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Lievens*

Image

Dat de krêft fan hout it groeie lit,
sil ’t iepen each rjocht reitsje,
dat de kromme stam fan nearne wit,
dêr sil de keunstner wat fan meitsje.

Krêftich gutst er streken yn ’t gelid
en flekken as in grienmank,
dat gefoel gjin stam of blêden mjit,
harmoniearret as in mearklank.

Harkje hoe’t de wyn it rûzje lit
troch krunen en strewellen,
komposysje dy’t fan nearne wit,
sil alles yn majeur fertelle.

Mar lit klinke hjoed de dei de hit
mei kleuren yn de sinne
dy’t it hout natuerlik groeie lit,
dat keunstners ek noch gutse kinne.

Image

* Jan Lievens (1607-1674) arbeide yn
Amsterdam as freon mei Rembrandt op,
foar’t er yn 1634 nei Antwerpen ferfoer.
Yn dy stêd makke er in tal houtfiken,
dêr’t er tige bedreaun yn wie.

admin

Wetterleeljes

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

Lit de leeljes it ferhaal fertelle
fan de Frânske naasje,
de wetterleeljes mei har graasje
hat Monet yn ’t kleurljocht helle:

‘Yn myn sompich lân groef ik in fiver,
brocht dy oan it bloeien
om yn it skilderjen te groeien,
mannichfâldige troch iver.

Yn de rin fan produktive jierren
makke ik de doeken,
as fiver firtueel te brûken,
foar de naasje iepenbierre.’

Lit no it pompeblêd fertelle
hoe’t de Fryske flagge tiert
en sa de fearten siert:
natuer as ynspiraasjewelle.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
wie ien fan de belangrykste
ympressionistyske skilders
fan Frankryk.
Hy lei by syn hûs yn Giverny
in fiver oan mei wetterleeljes,
dy’t er tsien jier achterinoar
op grutte doeken skildere hat.
It plan om fan dy skilderijen
in grut panorama te meitsjen
is in jier nei syn dea yn de
Orangerie realisearre.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum