Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Berte fan Venus

Keunst
PDF Print E-mail
fan Sandro Botticelli*

ImageHoe sil de minske mei ferstân
begripe dat goadinne Venus
berne waard troch in kastraasje,
hoe’t soan Cronus yn it lân
fan goaden heit Uranus’
sie fersprate sûnder graasje?

Mar frouwe See naam op it sie
en droech yn ’t djippe liif de foetus
dy’t folgroeide troch de faasje
fan de stream dy’t waarme rie
joech oan folwoeksen Venus
foar har skientme en har graasje.

Se surfde op ‘e skulp nei ’t strân
op winen dy’t har skientme streaken,
foar it liif gjin moderaasje,
mar it kleed yn nimfehân
bediek wat wie earst neaken,
dochs ’t gefoel joech doe de graasje.

* Sandro Botticelli (1445-1510) wie in skilder
fan de Florentynske skoalle. Yn opdracht fan
Lorenzo de Medici makke hy ‘Berte fan Venus’,
ien fan de ferneamdste skilderijen fan de wrâld.

admin

Lânskip by Arnhem

Keunst
PDF Print E-mail
fan Joris van der Haagen*

ImageIt lânskip is sa wiid as ’t leauwe
yn de hege loften boppe hiel it folk
fan protestanten oant de roomsken,
want de Ivige is harren tolk;
in brede stream fan tolerânsje
kronkelet nei de see fan Hollânsk heil,
de heuvels jouwe lykwols gjin garânsje
en se hysje elk it kleure seil.

Mar dochs wie ’t better as it suden,
hjit fan strideraasje, read de streamen bloed,
fan protestanten oant de joaden
flechten foar de fanatike floed
en Joris joech de tolerânsje
kleurich yn it wide lânskip wer,
de heuvels joegen lykwols gjin garânsje
dat it pontfear wie foar allegear.

Wa’t fierder fart it hege noarden
yn, komt út yn ’t flakke gea mei rjochte kym
fan diken dy’t it lân omklamje,
fan de greide oant de mar op rym;
wa lykwols jout it folk garânsje
as de Fryske Pier swaait mei it swurd,
syn earewraak fersûpt de tolerânsje
en de Ivige sylt swijend fuort.

Image

* Joris van der Haagen (1615-1669)
syn foarâlden wiene út ‘e súdlike
Nederlannen flechte om it leauwe.
Joris is nei alle gedachten yn Arnhem
berne en yn 1640 nei De Haach ferfearn.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum