Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dea fan Adonis

Keunst
PDF Print E-mail
fan Sebastiano del Piombo*

Image

Yn in leaflik lânskip klonk it liet
fan Pan, de hoeder fan ek tongerwaar,
gjin dissonant noch, inkeld swiet
fan toan, in fluitsjen fier fan it gefaar.

Oant de putto ljochte Venus yn
dy’t striele fan har hûd de leafde út:
‘Adonis foel troch ’t wylde swyn,
kom mei en jou syn kâlde hûd in tút!’

Doe’t it boadskip stjitte op ‘e toan
fan Pan syn fluit, foel fuort it fredich spul,
de froulju sprieken Pan doe oan,
syn liet ferraffele as sân sa rul.

Venus kaam oerein en naam ’t beslút
om putto’s rie te folgjen, lêste groet
fan leafde, strieljend yn har tút:
in blom begûn te bloeien út syn bloed.

Yn ’t leaflik lânskip klonk it liet
fan Pan wer, fjouwer moannen yn it jier
foar Venus en Adonis dy’t
yn leafde libben, foar de rest wie ’t swier.

*  Sebastiano del Piombo (sirka 1485-1547)
wie in skilder út de Fenetiaanske skoalle,
dy’t by it skilderjen fan neakene figueren
beynfloede waard troch de byldhoukeunst.

admin

Fleurich selskip

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Steen*

Image

Wat sille wy ús soargen meitsje
yn de tiid fan Hollânsk goud
dat strielet yn de wille,
ús perfoarst wol tafertroud.

Sjoch my yn ’t feestfermidden laitsjen
wylst de hân de pipe hâldt,
myn soan krijt brune billen,
fan de reek wurdt hy stokâld.

Ik hear fan rjochts de wyn klear rûzjen
wylst fan links de sek skel klinkt,
it sil myn doedel wêze
dy’t op hege lûden drinkt.

Wa kin yn ’t sjongend selskip sûzje
oars as buorfrous tatebern,
wa skeane letters lêze,
beppe kin se amper sjen.

Wat hear ik, buorman Griisburd gnizen
om wat immen skellend sei:
‘By Steen is it in soadsje!’
Wis, it is myn pappegaai.

Lit alles nei it toppunt rize,
want it hat neat om it liif,
om my wurdt dit in soadsje:
op ‘e wille fan myn wiif!

* Jan Steen (1625-1679)
skildere yn syn bloeitiid
te Haarlem mannich
fleurich selskip.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum