Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Pylgerreis

Keunst
PDF Print E-mail
fan Abraham Janssens*

Image

Hy gie syn wei troch it bestean,
in pylger ûnderweis nei ’t ljocht
om dêr syn lêst te bringen;
healwei sakken moed en klean
en hoe’t er mei himsels ek focht,
hy helle gjin oerwinning.

Earst kaam de Tiid as âlde man,
de hear fan moannen, hiel it jier,
dy’t noch syn lêst ferswierre;
hy rekke der mismoedich fan,
noch djipper sakke er en skier
wie ’t útsicht, klear waard ’t hjirre.

Want froulju kamen nei him ta,
dat hy it hegerop wer socht:
Geduld om mei te dragen,
Hope woe him sicht ta ha,
de kym dy’t kleure fan it ljocht,
hy seach hoe ’t it wer dage.

* Abraham Janssens (1575-1632)
wie in skilder út Antwerpen,
dy’t yn syn tiid like heech
yn oansjen wie as Rubens.

admin

Op besite

Keunst
PDF Print E-mail
fan Arent de Gelder*

Image

De Gelders atelier in foddesaak?
Hoe koene se it sizze?
Wis, it wiene allegearre klean
en kleden, brûkber foar syn taak,
om oan te dwaan of op te lizzen.

De skilder joech God sels de gouden doek
mei ’t wyt der strieljend ûnder,
beide ingels krigen sljochter klean
en Abraham, hy seach temûk
yn hoedersplunje nei it wûnder.

God hie de lieding by it godlik miel
en liet it net by iten:
‘Gasthear, hjoed hasto gastfrijens bean,
mar ’t nije libben wurdt dyn diel,
in soan, lit dat dyn frou ek wite.’

Gjin kleden út De Gelders atelier,
al soene se ek blinke,
koene trochgean foar de frouljusklean,
want Sara lake lûd har nee:
‘Lit ús mar op myn leeftyd drinke!’

* Arent de Gelder (1645-1727)
wie de lêste learling fan Rembrandt.
Op in feiling yn Pecq by Parys
waard dit skilderij oansjoen
foar in Rembrandt.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum