oktober 18, 2024
fan ûnbekend*
Beskôge wurdt er as ikoan,
de rots fan Guatapé,
gigant fan hurd granyt,
dy’t útstekt boppe ’t wrâldsk
gedoch en troch de tiid net slyt.
Beskôgje him net as Gods soan,
dy’t yn beweging wie
om foar it folk te gean
dat leech stie op ’e wrâld,
hy hat it minskdom útsicht bean.
Dochs jout de rots dat útsicht ek
mei treden nei de skuor
heech boppe alles út…
is Guatapé ikoan
fan Petrus, wat de rûnte slút?
* Foto ‘Rots fan Guatapé’
oktober 16, 2024
fan David Wilkie*
It wie in reis fan plattelân
nei stêd, in hiele ûndernimming
foar de jongeman yn kreaze klean,
dy’t ha woe dat er krije soe
in fêste baan mei frijwat lean.
It wie foar him it ritueel
dat paste by syn ûndernimming,
’t lêzen fan de oanbefellingsbrief,
it soe sa’t hy it krekt ha woe,
hy wie fan eigen jild gjin dief.
’t Wie foar syn hûn ek gjin probleem,
hy hearde by de ûndernimming,
gjin fertrouwen yn in frjemde fint,
lykas syn baas somtiden falsk,
fan wa’t er kriich in stille hint.
It waard in reis fan stêd nei ’t gea
dêr’t hy fan ôfskie nommen hie, mar
dat him mei syn brief wer wolkom hiet,
it soe wer gean lykas it wie,
fergees song hy it âlde liet.
* David Wilkie (1785-1841)
Skilderij ‘De oanbefellingsbrief’