Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Spegelbylden

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

’t Wie yn de moarntiid nei ’t geweld
fan tongerbuien yn de nacht,
ik hie de flitsen yn myn dreamen teld
as spegelbylden, ûnferwacht.

Ik rûn, noch fol fan tsjusternis
en bliksem, foar de rêst en trim,
mar ’t paad wie ûnegaal en ik ûnwis
oant by de mar, dêr seach ‘k  in glim.

It wetter seach my glimkjend oan
mei wolken, reid en sinneskyn,
sels waard ik spegel fan de stille moarn
en wachte op in suchtsje wyn.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum