Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferlerne hichte

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
As plompilaren stiet it reid,
de resten fan de simmer,
sa gjin kâns mear om te klimmen,
om’t it brún ferfal foarseit.

Image

Wol tûzentsien pilaren stean
te wachtsjen op ‘e brekker,
sa it foer foar kowebekken,
fjouwer magen troch te gean.

Image

Sels tsien pilaren kinne net
’t ferfal fan klauwen keare,
ek al binne se fan bearen,
sterker is de sykluswet.

Image

Gjinien pilaar is mear te sjen,
wannear’t de hjerst de dize
lûkt om kij derop te wizen:
simmerhichte giet ferlern.

Image

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum