Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Famylje út Brussel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
fan Jan Toorop*

Image

It soe yn Brussel wêze kinne,
mar likegoed yn Amsterdam,
dêr’t foarm en kleur itselde binne,
in romte sûnder flok of flam.

It soene susters wêze kinne,
dy twa opmerksum foar it wurd,
de tredde yn de slom, allinne,
in oerke sûnder nocht of nut.

It soe in krante wêze kinne,
mar likegoed in brief út Gent,
sa litte sy dat oerke rinne,
se binne flok en flam net wend.

It is lykwols in byld op linnen,
’t kin Jan neat skele wêr’t it is
of wêr’t dy froulju deis op stinne,
mei mear is net it minste mis.

*  Jan Toorop (1858-1928)
hold der yn it begjin
fan syn karriêre net fan
om oan syn skilderijen
in namme te jaan.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum