Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fal fan de ingels

Keunst
PDF Print E-mail
fan Frans Floris*

Image

Se wjukken sjongend troch it himelryk,
sa seit in âld ferhaal,
de ingels mei it tsjeppe stjermodel,
sy winsken har oan God gelyk,
dêr kaam it wol op del.

It front, dat eage like tsjep fan lea,
sa seit it âld ferhaal,
gjin aspiraasje hie foar stjermodel,
mar sjongend oan de Heare bea,
dat reagearre fel.

Der briek doe út in helske himelstriid,
it is in rûch ferhaal,
mei wapens, ek foar elk in dieremal
dy’t stribbe nei Gods skeppingsdied,
sy kamen ta de fal.

Sa sonken mâle stjerren nei de hel,
it waard in nij ferhaal
dat spilet yn it sike minskebrein
in duvelsk spul fan sel nei sel
mei ’t winskjen nei de ein.

Image

* Frans Floris (sirka 1520-1570)
wie in Flaamske skilder,
dy’t nei alle gedachten yn Italië
ynspirearre waard troch Michelangelo.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum