Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gjin winner

Keunst
PDF Print E-mail
fan David Teniers de Jonge*

Image

De spanning hinget yn de loft
krekt foar it alderlêste skot,
it bôgefolk hâldt al de siken yn,
de hûn stiet stil, ferwachtet wat,
mar ’t duorret foar ’t gefoel in skoft.

Noch mar in skoftke is it lyn
dat fjoer mei tonger ’t spul bedoar,
de lêste bôgesjitter wachtsje moast,
mar oerdreaun is de bui, in spoar
fan wolken wâlet op ‘e wyn.

De bôge hinget foar it boarst,
wylst brekt de sinne hoeden troch
en stekt it fjoer oan op it sjittersfjild;
de pylk en siken stûkje noch,
bekend wurdt nea de bôgefoarst.

* David Teniers de Jonge* (1610-1690)
wie master yn it skildersgilde fan Antwerpen.
Hy waard bekend troch syn sjenrestikken
en skilderijen fan bûtenaktiviteiten, dêr’t
‘De bôgesjitterswedstriid’ in foarbyld fan is.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum