Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Wikseljend panorama

Keunst
PDF Print E-mail
fan Louis Moritz*

Image

Hy wie in nuverling út Amsterdam
en libbe yn de Frânske tiid
as kluzener mei frjemde nammen,
samar lôge op de flam
fan heechmoed en fan striid.

De slach by Nieuwpoort wie syn ideaal
as skilder fan it grutte doek:
it libbensechte panorama
fan soldaat oant generaal,
yn heechmoed wied er tûk.

Fan oarlochsstrategy nei de muzyk,
fan generaal nei dirigint
of learaar fan twa leave dames,
oan de wikseling wol wend,
hie hy altyd gelyk.

* Louis Moritz (1773-1850)
wie yn syn tiid tagelyk frjemd en ferneamd.
Troch de útstalling fan syn panorama
‘Slach by Nieuwpoort’ fertsjinne er in lyts
kaptaal. Op it lytse skilderij ‘De muzykles’
hat er himsels yn de rol fan muzyklearaar
útbylde.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum