Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oerjefte fan Breda

Keunst
PDF Print E-mail
fan Diego Velázquez*
Image

Tsien moannen hat it duorre,
wylst Breda ferwachte it ûntset
fan Spaanske troepen om de stêd,
mar ’t leger fan Oranje wie te let,
de reek fan ’t turfskip wâlet oer de muorre.

’t Wie Willem fan Oranje
dy’t it opnaam tsjin de tiranny
fan paus en kening, want har wet
gie yn tsjin wat foar rjocht en frijheid stie,
sadat syn fijân waard besetter Spanje.

It wie al jierren letter
dat in skip mei turf en legertroep
foer yn ’t geheim foar it ûntset
nei Spaansk Breda; ’t soldatefolkje kroep
foar ’t ljocht, ferdreau manmoedich de besetter.

Sjoch hjir hoe’t kânsen keare:
Hollânsk kommandant biedt oan de kaai,
dêr’t grif Spinola wol mei rêdt;
de hân op ’t skouder foar de minne dei,
wylst yn de hichte stekke Spanjoals spearen.

* Diego Velázquez (1599-1660)
wie skilder oan it hôf fan de Spaanske kening Philips IV.
Hy hearde ta de belangrykste keunstners fan de Spaanske Barok.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum