Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gebed foar it iten

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean Baptiste Siméon Chardin*

Image

Alles wat yn lykwicht is,
lit middenyn de wizer sjen,
nei boppen wizend is ’t wol wis:
gjin wurd giet himelheech ferlern.

Fluit en tromme bearden lûd
yn ’t stampend dûnsspul fan de bern,
wat rekke mem yn ’t stille moed,
de deemoed wie har oan te sjen.

Alles stie foar ’t iten klear,
har taak hie sy sawat folbrocht,
no moast de tsjinner deroer gear,
hy hold de rêch en ’t mielblêd rjocht.

Noch wie ’t lykwicht net folslein,
de stilte frege om in lûd,
de bern ha op Gods tromme slein,
Hy harke skerp en wiisde ’t goed.

* Jean Baptiste Siméon Chardin (1699-1779)
wie in Frânske skilder fan privee- en stillibbens
yn in tiid dat Olympyske goaden, trageedzjes
en arkadyske lânskippen populêr wiene.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum