Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ober-Weimar

Keunst
PDF Print E-mail
fan Lyonel Feininger*

Image

De dei lûkt nei de jûn
mei al yn ’t east it tsjuster,
fierderop it flamjend read
oer Ober-Weimar op ‘e grûn
de strjitte, ’t paad noch lang net bjuster.

Kristal, yn harmony
de muorren en de dakken,
neat klinkt yn de wyk ferkeard,
de wurden stean op melody,
wjerkeatse fan de skeane flakken.

En Goethe dichtet jûn
dat alle minsken bruorren
binne, elk deselde steat,
dêrby hat Bach de noaten fûn,
sy libje heech as Weimars tuorren.

Mar as de nacht dan falt,
feroaret read yn tsjuster,
is in minskelibben neat,
want Weimar hjit ek Buchenwald
mei skeane flakken, ’t paad lang bjuster.

* Lyonel Feininger (1871-1956)
waard yn Amearika berne as soan
fan in Dútske musikus en sjongster.
Hy studearre muzyk en kaam
yn de besnijing fan Bach.
Letter folge er yn Dútslân
in oplieding ta skilder.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum