Willem Tjerkstra’s thússide
admin

It laam

Keunst
PDF Print E-mail
fan Franz Marc*
fan ûnbekend**

Image

Syn drinken oan it jaar wie oer,
hy hie it memme-oer ferlitten
om te folgjen syn natoer,
dy’t útgie boppe minske-witten.

It lânskip naam syn wêzen op,
fan herten woe ’t him wolkom hjitte,
tankber bûgde ’t laam de kop,
de hoeder soe him net ferlitte.

De hoeder stie foar ’t wêzen noed,
syn keppel liet er by him komme,
skiep en laam, syn fleis en bloed,
sels by har dea yn katakomben.

De hoeder waard ek sels in laam
om yn syn wêzen troch te kringen,
kwetsber libben dat er naam
om yn it lânskip harmony te bringen.

Image

* Franz Marc (1880-1916)
besleat yn 1900 om skilder te wurden.
Om’t er wurk ferneatige dat him net befoel
en yn 1916 as offisier yn it Dútske leger omkaam,
binne der fan him mar in beheind tal skilderijen.

* Dit fresko is te sjen yn in Romeinske katakombe,
dêr’t de kristenen har deaden begroeven.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum