Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ierde- en himelwurk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Francisco Goya*

It libben is in saak fan ûnderweis,
persoanlik kiest elk in bestimming
foar syn eigen sielerêst,
guon nachts, de measten deis
ôfhinklik fan de stimming.

Image

It wie de middeis ûnder ’t blauwe swurk
dat Pedro, feint fan tûke hannel,
seach har riden yn de koets
mei ’t each op ierdewurk,
benijd nei ealfrous wannel.

Mar sy ried troch op wei nei ierdske pracht,
sloech op syn ierdewurk en longerjen gjin acht.

It lêste deiljocht striek noch oer it swurk,
mar út ‘e rotsen kroep it tsjuster
doe’t de pylgers teagen troch
mei ’t each op himelwurk,
want achter har lei juster.

Image

Op ûnbesprutsen wannel troch de nacht
sloech ealfrou noch ferkeaper yn dy oere acht.

* Francisco Goya (1746-1828)
wie in Spaanske skilder
dy’t yn syn wurk ek protest
oantekene tsjin ûnrjocht en lijen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum