Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frouljusfingers

Keunst
PDF Print E-mail
fan Johannes Vermeer*

Frouwe wurkje! Sa woe God it ha,
de beide hannen út ‘e mouwe,
tsien fingers as de hiele wet,
dêr moat it yn ’t bestean op ta,
in oare oarder is der net,
lit froulju dêr mar op fertrouwe.

Image

Sjoch har sitten yn it folle ljocht
mei konsintraasje op ‘e klossen,
tsien fingers by it fine kant,
har skepping neffens plicht en rjocht
fan ’t froufolk dat de triedden spant
dy’t by in warber libben passe.

Sjoch har holle tsjin de lege hân
mei bloed troch alkohol fertinne,
fiif fingers liddich op it kleed,
net tsjin har sloardigens bestân,
fan God noch wet hat sy mear weet,
de duvel sil har siele winne.

Image

* Johannes Vermeer (1632-1675)
wie yn syn tiid de skilder fan froulju.
Skilderij ‘De kantwurkster’
Skilderij ‘In dronken sliepende faam oan in tafel’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum