Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Relaxe

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pablo Picasso*

Image

’t Wie yn it hjitste fan de tiid,
doe’t fûgels noch mar amper fleagen,
protters sochten ’t skaad fan ’t dak;
de fjilden wiene giel fan sied,
wat weage boeren wyld foar eagen.

Se skrepten yn de ûngetiid,
gjin ûnderskied fan beide seksen;
foar it skoft socht elk in plak,
de frou mei fuotten heech en wiid,
de boer woe boppe har relaxe.

Sa joegen se har efkes del,
te wurch foar boarst of oare dielen,
’t lichem frege syn gerak
mei beide eagen achter ’t fel
om straks de swierte wer te fielen.

Sy hiene gjin ferlet fan rêst
en lieten beide boarsten drave,
’t iene sûnder ûnderdak;
fan hjitte hiene sy gjin lêst,
se fleagen troch as wite raven.

Image

* Pablo Picasso (1881-1973)
Skilderij ‘Sliepende boeren’
Skilderij ‘Twa dravende froulju op it strân’ 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum