Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Famylje en skilder

Keunst
PDF Print E-mail
fan Adriaan van Ostade*

Image

Ik, skilder Van Ostade,
stean dêr mei de hân op ’t hert,
ferklearje dat jim aarden
my befoelen, lykwols net
jim uterlik, it rûne
dat ik fêstlei yn ’t portret,
jim stal wie as in tûne,
‘k ha it ek yn brieffoarm set.

Ik bin in keunstneresse,
Katharina, sa hjit ik,
en hoech gjin sêfte kessens,
want myn billen binne dik,
ik dichtsje sterk mei wille,
jou sa no en dan in tik:
de skilder kin ik tille
op papier en soks skriuw ik.

Ik bin har âldste suster,
ha de wierheid yn de hân,
wy binne net fan juster,
hjoed soe ’t heve, sei myn man:
jou keunst de earste eare,
foaroan yn de breedste stân,
sa komt it foar de hearen,
froulju kinne der wat fan!

* Adriaan van Ostade (1610-1685)
hat famylje De Goyer – skout Hendrik,
syn frou Maria en syn skoansuster
Katharina Questiers skildere tusken
1650 en 1655, wat bliken docht
út de hearskjende (klean)moade.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum