Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De bedrige swan

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Asselijn*

Image

Lit it wite suver blinke,
wjukken gûnzje tsjin it blau,
de kop de hals sa rjochtsje
dat de flecht bringt him al gau
by ’t nêst om fûl te fjochtsjen.

’t Driigjen komt fan alle kanten,
achter him de tongerwolk
dy’t rapper op komt setten
as de flecht fan eigen folk
oer ’t gea mei fêste swetten.

Oer dy grins komt rjocht fan foaren
’t driigjen fan de swarte hûn,
it kwea fan doel te biten,
oan gjin swanneswetten bûn,
yn ’t wjukjen fan it wite.

Mar wat suver is, sil stride
foar it libben fan syn skaai
mei wjukken dy’t lûd klappe,
kop en hals yn dryste draai
om nei it kwea te happen.

* Jan Asselijn (1610-1652) stribbe dernei
de werklikheid sa natuerlik mooglik
wer te jaan. Dêrom skildere er de swan
sa grut as er yn it echt wie.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum