juni 17, 2022
fan ûnbekend*
Wa’t skean rint, is net populêr,
hat faak neat yn te bringen
as syn eigen handicap;
wa sjocht dan nei sa’n manke om…
de sûnen sille heger springe.
Nim Pisa dy’t ek springe soe,
noch heger as de tuorren
rûnom yn it eigen gea;
moeraslân loek de toer hast om,
hy bleau wol stean, syn skeante duorre…
… oant hjoed de dei: in populêr
besit dat lûkt toeristen,
kommend om syn handicap,
sa keart dy toer de rollen om,
wat manke bouwers noch net wisten.
Foto ‘Toer fan Pisa’
juni 10, 2022
fan ûnbekend*
De mar as spegel fan de bergen,
fredich yn frij Switserlân,
hjit wolkom folk fan fier en hein,
is earder troch de oarloch terge.
De mar as fijân fan de naasje:
’t grutte Habsburch tsjin it lân
dat frede mei syn bergen hie,
’t stried moedich yn konfederaasje.
De mar seach ’t lytse leger winnen,
spegele de nije steat
mei bergen oeral yn it rûn,
ferdigening om Switsers hinne.
De mar as spegel fan it libben,
spegel ek fan de toerist
dy’t him ferdjippet yn it lot
fan ’t lân dat nei de frijheid stribbe.
* Foto ‘Mar fan Ägeri’