Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Oerwûn kastiel

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Elk hat ferlet fan ûnderdak,
de bidler siket in drûch stee,
de ridder bout in hiel kastiel
mei tuorren boppe muorren,
’t is foar him in feilich plak.

De heuvel docht der ek noch ta
en tilt de boarch de hichte yn,
sa meiinoar in sterk gehiel,
dat troch de iuwen hinne
duorje sil, sa woe men ha.

Kastiel Tschanüff wie net it plak
dat oan dat sterk gehiel foldie,
de fijân woe it justjes oars,
ferrinnewearre muorren,
hie oan feilich wenjen lak.

Dochs riisde it kastiel wer op
oant nei ferrin fan tiid de groei
fan de natoer it oars ha woe:
de oanfal om te winnen
mei it griene dak yn top.

* Foto ‘Kastiel Tschanüff yn Switserlân’

admin

Mobilisaasje

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Ha jonges yn Nenetsië
yn ’t kâlde gea fan Ruslân
ek de oprop  krigen om
te fjochtsjen foar de naasje?
Sy binne ’t izich libben wend
en altyd yn beweging,
kom op: mobilisaasje!

Har taiga is ûnbidich grut
mei net te tellen dieren,
rinnend oer de hurde grûn,
ferneamd yn hiel de naasje,
noch fierder, yn de wrâld bekend
en altyd yn beweging,
dus ek: mobilisaasje!

Mar nee, Nenetsië hat gas,
dat streamt nei alle lannen
foar in roebel-stream werom
ta rêding fan de naasje
troch Poetin as in prima fint:
de jonges en de dieren,
sy krije fan him graasje.

* Foto ‘Toendra yn Jamalo-Nenetsië yn Ruslân’


 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum