Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Korsika

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Wat Korsika te bieden hie,
wie keizerlik: Napoleon,
dy’t op dit eilân berne waard,
hy groeide út ta hurde rots,
lykas ‘Calanque de Piana’ wie.

Wat Korsika te bieden  hat,
is manjefyk: in rûge kust,
‘Calanque de Piana ‘ as
traktaasje foar wa’t skôgje wol
wat troch de iuwen hinne bliuwe moat.

Wêr’t Korsika oan tinken docht,
is keizerlik en manjefyk:
de macht en tagelyk de krêft
dy’t útgiet fan ravyn en rots,
sa komt it eilân dûbel yn it ljocht.

Foto ‘Calanque de Piana’


admin

Ha Long

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Ha Long, de draak dy’t út ’e loft wei
seach de kust oan fan Vietnam,
ien lange streek fan bergen,
fierste saai ferlike mei syn rêch,
dus fielde hy him ferge
om dêr rap wat oan te dwaan.

Ha Long die wat syn namme ha woe:
sakje oant er ûnder wie,
doe splitste hy de bergen
mei syn sturt, lykas syn eigen rêch,
net langer wie hy terge
troch in berchkaam dy’t neat hie.

Ha Long skonk oan de kust de pylders,
dy’t noch altyd rjochtop stean,
mar sels skeat hy it libben
derby yn, hy foel plat op ’e rêch…
wêr’t hy doe net nei stribbe
hat, in baai, soe sa ûntstean.

* Foto ‘Bergen yn Ha Long’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum