maart 10, 2023
fan ûnbekend*
Wa is de eigner fan Caprera,
in eilân yn de Middellânske See?
It binne folle mear as ien,
sy jouwe har gebiet te lien.
De geiten swalkje oer it eilân
en swermen fûgels fleane oer de see,
dêr tilt it fan de fisken op,
it bisteryk stiet oan de top.
It tilt net op fan de bewenners,
wol tille sy swier oan har bisteryk
en jouwe de toeristen rie:
‘Ferbliuw hjir sa’t it altyd wie.’
Wa’t eigners binne fan Caprera,
it eilân yn de Middellânske See?
It binne bisten, mannichfâld,
foar dit gebiet is ’t in behâld.
Foto ‘Caprera’ (Italië)
maart 3, 2023
fan ûnbekend*
Dugi Otok hat as eilân
gjin ferbining mei it fêstelân
en moat it mei de kleuren dwaan
op eigen grûn en dêr omhinne…
de skieding is it strân.
Mear as fjirtich kilometer
yn de langte, mar it is net breed,
sadat it hat in smel model,
syn tinten blinke yn de sinne
lykas in kleurich kleed.
Sjoch de skieding tusken kleuren
fan de blauwe see en griene mar,
it eilân skiedt it sâlt fan sâlt:
it grien jout oan, wyt kin men winne,
it wyt nimt blau foar kar.
* Foto ‘Dugi Otok yn Kroatië’