Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Sulveren fal

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Men kin der achter lâns
en sjocht it sulver blinken
dat fan boppen komt
en nei de djipte raast…
wa bliuwt dan yn balâns?

It fielt as men dan krimpt,
gjin sprake mear fan tinken,
’t razen makket stil
en wei falt elke haast…
men is hjirfoar bestimd.

In diel fan de natoer
wurdt elk by it ferdrinken
fan de eigen wil,
it sulver docht in taast…
wa jout him dan net oer?

* Foto ‘North Falls in Sulver Falls
State Park, Oregon’

admin

Mystike mar

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Soe de hillige Marije
dy’t har namme oan dit wetter joech
as ljochtsjend foarbyld foar it minskdom,
ymponearre west ha troch dit gea?
It hat faaks mei mystyk te krijen.

Fan twa kanten komme hichten
byinoar, dêrtusken leit de mar
as spegel fan de loft en bergen,
wrâld en himel bringt Marije gear,
dêrtusken hat sy frede stichte.

Mar de wrâld fan wrede bylden
lit ‘The Shining’, film fan horror, sjen
as freeslik foarbyld foar it minskdom,
rolfêst spilet satan it wer klear,
wat foar Marije krinkend fielde.

* Foto ‘Saint Mary Lake’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum