december 15, 2023
fan ûnbekend*
Daisetsuzan, besnijde bergen,
is de namme, mar der is noch mear:
de sulver- en de Jezospjirren
stekke mei har nuddels fier
út boppe oare beammen…
ûnder rint de pika, ek de brune bear.
De pika is in hazze dy’t ek
fluitsje kin, syn lûd rikt lykwols net
safier dat minsken nei dit lânskip
komme, ’t gea fan berch en bosk
en dier, om dêr te sjongen
by de pika-fluit, de bear fielt gjin ferlet.
By ’t rûzjen fan de beammen fluitet
wol de brêge mei, de pika docht
syn bêst om ek de bear safier te
krijen dat er sjongend bromt,
sadat de minske oer de
brêge komt, ek sjongend nei dit lânskip sjocht.
* Foto ‘Nasjonaal Park Daisetsuzan yn Japan’
december 8, 2023
fan ûnbekend*
De bearen wiene net te sjen
troch alle beammen oan wjerskanten
fan de brede Hudson-stream,
dy’t harren tsjinhold om elkoar
te moetsjen, wat wie lang in dream.
De minske as in beare-freon
sloech om him hinne beide earmen
yn in leafdefolle dream,
hy hie it samar foarelkoar:
in brêge oer de brede stream.
De dream hong earst noch yn de loft:
hoe koe de stream oerbrêge wurde
sûnder dat er midstwa briek?
Mei hingjen kaam it foarelkoar
hoe heech er boppe ’t wiet ek stiek.
De bearen wiene wol te sjen
doe’t sy massaal de stream oerstieken
sûnder dat de brêge briek.
* Foto ‘Bear Mountain Brêge
oer rivier de Hudson’