Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Wrâldbylden category

admin

Nikolajevitsj syn spoaren

Wrâldbylden

fan  ûnbekend*

Sjedêr de skiere fierte
fan Europa’s grutste park
mei net te tellen spjirren
as de wachters fan Georgië,
dy’t fan de skiednis witte.

Hjir jage de elite,
dy’t ferrike waard mei ’t hout
fan spjirren, net te tellen
wiene stammen noch it kapitaal,
’t gie om in rike krite.

Sjedêr hoe’t it feroare
mei foarst Nikolajevitsj,
dy’t spjirren net lang wachtsje
liet op folk fan hiel Georgië,
it stapte yn syn spoaren.

* Foto ‘Nasjonaal park Bordzjomi-Charagaoeli’


admin

De lêste fûgel

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Lang sweefden fûgels boppe Bukit,
wiene hearskers sûnder grins
oer heuvels, strân en oseaan,
sy hiene dêr it ryk allinne,
want op Bukit wie gjin mins.

Miljoenen jierren letter strânen
minsken dêr, de sapiens,
de homo sûnder baan,
de fûgels wiene net allinne
baas mear, dat wie ek de mins.

Hjoed sweeft noch wol in fûgel boppe
Bukit, dy’t de minske sjocht
yn lúkse sûnder acht
te slaan op him dy’t is allinne
oerbleaun, fûgel sûnder rjocht.

* Foto ‘Bukit op Bali’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum