Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Frouwewyn

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1969

De see, de stilte fan de spegel
dêr’t it blauwe swurk op leit,
gjin suchtsje foar de dynamyk,
mar meastal is de regel
dat de wyn de septer swaait.

Image

Se lizze yn de bûtenhaven,
foar it Starums froutsje ree,
mar ha it seil stiif op ‘e gyk;
se swijt noch, swier ferslave
oan de rykdom fier oer see.

Image

Wa kin wjerstean har stúmjend swijen,
wis de skûtsjeskippers net;
foar ’t poatsjebaaiende publyk
is ’t starten in stil lijen,
mar har frouwewil is wet.

Image

Dan falt har each op noch in skûte,
reade streken yn de fok,
se blaast har azem oer de dyk,
krekt op ‘e skûtsjerûte,
’t lok komt foar de frouweflok.

admin

Frije freed

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1969
Image

Hoesa in frije dei,
fakânsje is dochs sile,
freeds mei lege siele
liket nearne nei.

De siele wol gjin rêst
en sil in dei lang stinne
om sa fol te rinnen:
plannen op ‘en bêst.

Wat is in better plan
as om in dûk te nimmen,
brûzjend rûn te swimmen,
elk besylt it dan.

In âlde skipper set
útein mei tûke slaggen,
wint mei ear en flagge,
hat noch op syn pet.

Mar hat it skip net rûn,
lykas de Heale Moanne,
swimmend as in hoanne,
dan is ’t skipsfolk bûn.

Hoesa in frije dei,
der moat hurd wurke wurde
oan de mêst en swurden,
moarn is ’t ljochskyndei.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum