Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Earnewâldster slachfjild

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut is skûtsje-argyf 1969

It wie in waarme dei
mei oer de tritich graden,
mar it gong yn ’t wylde wei,
de wyn socht rare paden.

Image

De Sânemar wie wiid
genôch om frij te farren;
twirren fjurren doe de striid,
se ha elkoarren narre.

Hoe’t Ulbes* Frisia
syn frijheid jilde litte
woe, mar hy fertize sa
mei ’t Fean fan sweager Tjitte**.

Hoe’t Klaas*** fan rom Wâldsein
net wiis wie mei de nauten;
hy ûntspoarde as in trein,
in arke lei yn flaute.

Hoe’t Loadewyk**** besleat:
ik hysje hjoed it âlde;
’t skuorde troch de Folkertssleat,
it seil koe it net hâlde.

Hoe’t Cor***** lei op ien ear
mei ’t alderlichtste skûtsje;
skoaten los en komt der mear,
dan is ’t it lêste rûtsje.

Image

Fiif skûtsjes út ‘e striid,
gjinien hie dat ferwachte;
mei wol tritich, hjit en wiet,
waard winner ’t swiere Drachten.

* Ulbe Zwaga
** Tjitte Brouwer
*** Klaas van der Meulen
**** Loadewyk Meeter
***** Cor Salverda

admin

Lette winner

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1969

Image

Se seagen op gjin oere,
want de iere moarn of lette jûn
fertelde fan de tiid
dat sy mei modder foeren
hiel Fryslân yn it rûn.

Har skûtsjes eagen donker,
passend teken fan in hurd bestean,
seis dagen yn de striid,
mar letter kaam de pronker,
wyt wie syn kleur en lean.

Wol Meeters stiek er heger
mei syn mêst en túch as doedestiids,
dochs bleau de boddersdied
deselde, want neat dreger
as tiden yn de striid.

Sa hat er mei syn wite
dreaun by ’t âlde Grou oant yn de jûn,
fan ’t switten dweiltrochwiet,
mar oer de hiele krite
is Meeters namme rûn.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum