Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skûtsjesilen category

admin

Snits 25 jier

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1970

Image

Twa Snitsers ha it roer yn hannen nommen
yn de simmer fan it lêste oarlochsjier:
der moast in skûtsjesylkommisje komme,
wat de Führer woe, dat skeelde har gjin sier.

De earste wedstriid wie op ’t frije wetter,
dêr’t de Tjerkstra’s sylden nei de earst priis,
de skippers dielden harren bút wat better
as de Dútsers, fan ynklauwerich nei wiis.

De Snitsers ha de striid fel blinke litten
mei in skip fan sulver dat yn spanning brocht,
de Van der Meulens lieten oaren switte,
wûnen ’t sulver, trije kear is skippersrjocht.

De jierren fyftich wiene foar de bolle,
’t skûtsje dat de eare heechhold fan de stêd,
mar ’t Grinzer bist die op ‘en doer net folle,
’t waard doe slachte, want de Snitsers wiene ’t sêd.

De Piipster kaam, as merje slank fan siden,
dy’t gjin koers hold, sloech de earste kear al om,
mar troch de jierren hinne, fûl fan striden,
garre sy foar Snits as kampioensskip rom.

Image

admin

VSB*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1970

Image

Se bealgje fjirtjin dagen lang:
fûl skuorre oan de skoat,
it swurd derûnder stekke
mei in dweiltrochwiete poat,
de loete yn de fok
troch spieren dy’t ferrekke,
dan… de kloaten foar it blok,
want fyftich wiken lêste rang.

Se namen ’t lêste plak net mear
en spilen op ‘e poat:
‘Wy ha ek wat te sizzen
as bemanning op ‘e float,
wy sette jim foar ’t blok,
om net de boat te missen
hysje wy ús eigen fok:
wy komme as feriening gear.’

It earste oerlis foel deryn
as twirre yn it seil:
‘Mei ús falt net te spotten,
alve kear, dat is it peil,
dan bisto kampioen,
dêr wolle wy foar wrotte!’
Sa hat VSB it wûn,
lavearjend, mar ek foar de wyn.

* Vereniging van schippers en bemanningsleden

Image


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum