mei 15, 2022
fan ûnbekend*
Hy wie mar lyts, stie faak te kyk,
waard om syn stal troch ’t folk bespot,
mar klom nei grutte hichte,
wie gjin ingel yn de polityk.
As boeresoan liet hy him yn
mei lânbou op in grut gebiet,
waard op dat mêd minister,
’t gie de hichte yn en foar de wyn.
It heechste amt wie kânselier
mei folmacht, dy’t er brûkte om
te roppen as diktator,
mar de rop fan Hitler makke ’t swier.
De lytse kânselier ferbea
de nazi en de sosjalist,
wat oprôp ta de akjse:
‘Engelbert of Dollfuss, sjit him dea!’
Lit komme ’t lytse Eastenryk
by Dútslân, Adolf is in god,
dus is it lân ferplichte
om te folgjen Hitlers polityk.
Foto ‘Engelbert Dollfuss’
mei 8, 2022
fan ûnbekend*
Wat docht in muorre foar it folk
dat siket om beskerming
op beheinde grûn, de lêste
fan in ûnbestimd bestean…
hoe lang dan noch te gean?
De muorre waard in finzenis
foar Joaden yn it getto
as besmette grûn yn Warschau,
amper plak om te bestean…
hoe lang dan noch te gean?
It wie de finzenis fan mear
as fjouwerhûnderttûzen
sûnder útsicht op ’e takomst
fan in trochrinnend bestean…
hoe lang dan noch te gean?
Wa’t oerbleau, kaam der libben út
foar ’t lot fan konsintraasje
fia gas en fjoer ta jiske,
gjin ferfolch fan it bestean,
gjin wei om noch te gean.
Wat dogge kelders foar it folk
dat siket om beskerming
yn it skeinde Marioepol?
Is der noch in wei te gean
of bliuwt gjin folk bestean?
Foto ‘Getto Warschau’