september 15, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Nasjonalist of kommunist,
it gie yn Sina om de macht,
Tjiang of Mao, wa soe winne…
gie it om it heitelân
of… sjoch my as egoïst?
Lit Tjiang mar foar de naasje gean,
want dan komt Sina ta syn rjocht,
foar Mao is in wrâld te winnen
bûten ’t eigen heitelân,
elkenien deselde klean.
De lange mars fan Mao dreau
syn fijân oer it wetter nei
Taiwan, it eilân as it twadde
Sina, ’t eigen heitelân…
der is sprake fan in kleau.
Nasjonalist en kommunist,
it giet yn Sina om de macht,
Xi Jinping ferneart gjin twadde,
’t giet om hiel it heitelân…
kommunistysk egoïst.
* Foto ‘Mao Zedong’
** Foto ‘Xi Jinping’
september 8, 2024
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Hiroshima, Nagasaki,
Little Boy en de Fat Man,
lyts wie it swiere jonkje net,
de tsjokke man hie wol in namme
dy’t neier by de wierheid kaam,
mar fielde men him wol beskamme?
Yn in oarloch wurdt net skamme
troch mynhear de presidint
en ek net troch de generaal,
har strategy om út te fieren
wat is yn ’t nasjonaal belang
giet boppe alles, is de wiere.
Boppe hûnderttûzen libbens,
dy’t mei ien klap waarden wei,
fan little boy oant de fat man
mei mar in deagewoane namme,
dy’t nea de wierheid witten ha…
noch freegje sy: ‘Wêrom dy flammen?’
* Foto ‘Atoombom op Hiroshima’
** Foto ‘Nei de atoombom’