Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Hostilianus

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym**

Image

Hostilianus,
it soe kinne,
hy wie fan it Romeinske laach
en is milennia al dea,
wa soe him no noch kenne?
Faaks de sarkofaach…

Hostilianus,
it soe kinne
dat hy dêr heech op ’t hynder sit
en ropt: ‘Foar ’t libben of de dea!’
Syn folk sil him wol kenne,
mar de sarkofaach, wa wit…

Hostilianus,
it soe kinne
dat hy al wit, it komt wol goed,
want de Germanen slaan wy dea!
Hy sil de striid al winne,
mar de sarkofaach rûkt al syn bloed.

* Hostilianus wie de soan fan keizer Desius

** De Ludovisi-sarkofaach (250 nei Kristus)

admin

Nero’s fjoer

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan J.W. Waterhouse*
fan anonym**

Hy wie noch jong, mar woe wol wat,
mei achttjin ’t leafst al keizer wurde,
ta de die dus, hearskje as in god,
it gif waard mongen, Nero wie in hurde.

Image

Syn mem, mei hannen ûnder ’t bloed,
mocht ek net op syn netflues bliuwe,
langút lei er mei beswierre moed,
foar efkes mar, hy liet him fierder driuwe.

Mei drank en seks wie hy ferguld
en lôgjend fjoer yn Romes strjitten,
wa’t mar kristen wie, kriich doe de skuld,
de wrede dea hat fan har lijen witten.

Hy wie net âld doe’t er de dolk
stiek yn syn eigen kiel, ’t soe liede
ta de dea en freugde foar it folk,
want gaos wie ’t gefolch fan Nero’s dieden.

Image

* J.W. Waterhouse (1849-1917)
Skilderij ‘De wroeging fan Nero nei de moard op syn mem’

* Fergulde brûnzen byld fan keizer Nero (23-30 nei Kristus)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum