Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Slach by Starum

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*
fan Johannes Hinderikus Egenberger**

Image

Sint Joaris steunt him dy’t noch libbet,
dat is Hindrik Willemssoan,
de oare ridders binne al ferstoarn,
sa giet it wa’t nei eare stribbet.

Dit binne Montfoorts fromme hearen
yn it leger fan de greef
fan Hollân, Willem, yn de striid op dreef,
hy soe de Friezen moares leare.

Mei tsien kear tûzen sterke striders
foer er oer de Sudersee
nei Starum, mannich Fries stie dêr al ree,
elk foar himsels, want sûnder lieders.

Image

Greef Willem rûn rjocht yn in leage,
foel en fielde ’t flymjend swurd,
de Friezen fierden doe it heechste wurd
en ha de rest de see op reage.

Sint Joaris steunt de fjirde, trije
ridders binne op har bea
net mear by Starum, mar yn ’t himelgea
op foarspraak fan Leaffrou Marije.

* Oantinktafel fan de Hearen fan Montfoort (sirka 1380)

* Johannes Hinderikus Egenberger (1822-1897)
Yllustraasje ‘Greef Willem IV fan Hollân sneuvelet by Warns’

admin

Slach by San Romano

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Paolo Uccello*

Image

San Romano, stêd fan frede
lykas earder yn ’t Romeinske ryk,
de seewyn kuollet hjitte koppen
wylst de weagen rûzje rêst,
dyn boarger sliept tefreden.

San Romano, sjoch de legers
fan twa grutte stêden tagelyk,
Florence striidt tsjin buorplak Siena
wylst dyn boarger rekket fêst,
hjoed hat gjin stêd it dreger.

San Romano, skôgje deaden,
’t hynder en syn ruter tagelyk,
dyn boarger sil der net oan wenne
dat syn roazen krije lêst
fan ’t bloed, ’t ferkearde reade.

Image

* Paolo Uccello (1397-1475)
skildere trije panielen
fan de slach by San Romano

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum