Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Op fjouwer fronten*

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Adam Frans van der Meulen**

Wat jildt noch as in hecht ferbûn
as sprake is fan laf ferrie,
sa hat ús lân it ûnderfûn
doe’t Ingelân der net foar gie.

Dy steat sleat him by Frankryk oan,
mei ’t biskopspear út Dútslân wei***,
de Republyk hie it bedoarn
by Loadewyk, it like faai.

De Sinnekening liet him sjen
mei hûnderttweintichtûzen man,
de Republyk wie al ferlern
by Lobith, hie gjin oarlochsplan.

Image

De kening hearde fan in boer
hoe oft it fjild derhinne lei:
hjir koed er wol de droechte oer;
sa wiisde lânferrie de wei.

Gjin wetter hold de Frânsman tsjin,
gjin festingmuorre wie te tsjok,
it wiisde foar de boargers min,
op fjouwer fronten wie in flok.

Image

* De oarloch fan 1672

** Adam Frans van der Meulen (1632-1690)
Skilderij ‘Loadewyk XIV by de Rijn’
Skilderij ‘It Frânske leger foar Naarden’

*** De biskoppen fan Keulen en Munster  

admin

Frede fan Breda

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Romeyn de Hooghe*

In oarloch hat begjin en ein,
de ein kaam nei de Theems-blokkade,
hiel Londen rekke yn panyk,
de seefeart-naasje wie ferslein,
dat winner waard de Rebublyk.Gjin frede sûnder in ferdrach,
mar net yn Londen waard dy sletten,
noch ware op ‘e Theems it byld
fan ’t brutsen keatting foar de slach,
de skeakels ha de pine field.

Breda hie plak yn syn kastiel
foar fredesdo en diplomaten,
de skiednis kaam dêr klear yn byld,
elk krige mei ferdrach syn diel,
de wrâld waard op ‘e nij besyld:

Foar Ingelân Nij-Amsterdam,
de Republyk kriich Suriname.

Image

* Romeyn de Hooghe (1645-1708)
Yllustraasje ‘Frede fan Breda’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum