Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Skiednisbylden category

admin

Dûbele sfinks

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Jean-Léon Gérome*

Wat dreau him nei Egypte ta?
It riedsel fan in lang ferline,
mei himsels derby kaam hy op twa,
sa soene beide ljochten skine.

De Frânske float op Ierlân ta?
Sa waard de fijân slim betize,
want Egypte moast de foarkar ha,
’t ferline soe de takomst wize.

De float kaam yn Egypte oan,
it lân fan sfinks en piramide,
’t hege hoannelûd joech oan de toan
yn wittenskip en ’t fûle striden.

It hynder brocht Napoleon
nei ’t riedsel fan de stiennen frouliuw,
ien plus ien wie twa, wist sy derfan
dat hy sa machtich wie as manliuw?

Image

* Jean-Léon Gérome (1824-1904)
Skilderij ‘Bonaparte foar de sfinks’

admin

Herman Willem Daendels

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Raden Saleh*

Image

It jonkje gie de ljedder op en del,
want Herman Willem promovearre,
wie ek jierren net yn tel,
as kening Daendels woed er stjerre.

As advokaat gie ’t wurd de mûle út,
hy skeat as kapitein mei kûgels
foar it Frânske folksbeslút,
seach foar de frijheid nei de fûgels.

Hy waard troch ’t frije wurd sels fûgelfrij
en flechte nei syn Frânske maten,
kaam mei har werom, it tij
feroare mei foar him de baten.

It wie de generaal net gau nei ’t sin,
de heechste steat lei foar it gripen,
mar it hie in min ferrin,
want Daendels kriich gjin Frânske stipe.

Fan romroft revolúsjonêr nei boer:
de rûge heidegrûn ûntginne,
foar syn bargen kaam der foer,
mar ’t fjurrich aard woe nei de sinne.

Yn ’t fiere Ynje waard er gûverneur
en letter yn it lân fan slaven,
dêr’t in ein kaam oan de fleur,
hy liet him yn dat gea begrave.

* Raden Saleh (1811-1880)
Skilderij ‘Gûverneur-generaal Daendels’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum